Jong Cambuur wint foar beker

08 sep 2008 - 21:57

Jong Cambuur bliuwt meidwaan foar de beker. Moandeitejûn waard mei 2-1 wûn fan Jong Zwolle. Cambuur kaam al gau op foarsprong troch in doelpunt fan Ale de Boer. Nei in goed heal oere moast Cambuur-spiler Kees Pier Tol it fjild mei in reade kaart ferlitte yn ferbân mei skellerij.

Zwolle miste ferfolgens in strafskop en Cambuur kaam sels op 2-0 troch in doelpunt fan Jurrick Juliana. Oan it begjin fan de twadde helte makke Zwolle noch 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)