Jong Cambuur wint fan Zwolle

17 feb 2009 - 06:22

Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 4-2 wûn fan Jong Zwolle. Sicco Bouwer iepene al nei 9 minuten de skoare. Nei de 1-0 waard it gelyk troch in eigen doelpunt fan Jong Cambuur. Omdat ek Jong Zwolle in eigen goal makke, waard it noch foar it skoft 2-1 foar Cambuur.

Yn de twadde helte makke Anco Jansen de 3-1. Zwolle wist der noch 3-2 fan te meitsjen, mar it wie úteinlik Aziz_Geyik dy´t de 4-2 makke foar Jong Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)