Jong Cambuur wint fan Jong Heracles Almelo

08 feb 2016 - 16:12
  • SC Cambuur

Jong Cambuur hat moandeitemiddei de kompetysjewedstriid tsjin Jong Heracles Almelo mei 2-0 wûn. De Ljouwerters kamen nei 13 minuten op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Rochendy Constancia.

Cambuurferdigener Djavan Anderson foel nei 36 minuten spyljen út mei in blessuere oan de holle en de nekke. Hy is foar ûndersyk mei de ambulânse nei it sikehûs ferfierd. Cambuur smiet de wedstriid yn it slot yn de 80e minút troch in doelpunt fan Jergé Hoefdraad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)