Jong Cambuur wint fan Go Ahead

17 feb 2004 - 00:00

Wat it earste team fan Cambuur dit wykein net foar inoar krige, slagge de beloftes moandeitejûn wol: winne fan 'e Go Ahead Eagles. Yn eigen hûs waard it 2-1 foar Jong Cambuur tanksij goals fan Arnold Herder en de Finske spiler Miika Illo. Jong Cambuur krige de oerwinning lykwols net kado. Yn 'e earste helte kamen de Eagles op foarsprong troch in goal fan Oosthout.

Illo makke op slach fan rêst gelyk. Herder skoarde nei rêst 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)