Jong Cambuur spilet wer gelyk

06 apr 2009 - 21:44

Jong Cambuur hat krekt as ferline wike op 'e nij lyk spile tsjin de beloften fan AGOVV. Ek yn Apeldoorn kaam de ploech fan Johan Groote en John de Hoop op foarsprong troch in goal fan Kees Tol. Cambuur hie noch in soad kânsen om fierder út te rinnen, mar brûkte dy net.

Op it lêst kegele AGOVV een ôffallende bal dy 't ûnderweis fan rjochting feroare waard achter keeper Ale Geart de Vries wêrtroch de einstân útkaam op 1-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)