Jong Cambuur mei lege hannen

09 mrt 2009 - 22:16

Jong Cambuur hat moandeitejûn de thúswedstriid tsjin Jong ADO Den Haach mei 2-3 ferlern. Op it keunstgêrsfjild fan ONS Snits kaam Jong Cambuur wol op foarsprong troch in goal fan Anco Jansen. Dochs slagge Jong ADO der yn om noch foar it skoft twa kear te skoaren.

Yn de twadde helte benutte Erik Wegh foar Cambuur in penalty, neidat Sander Fisher dellein wie. Mar tsien minuten foar de ien fan de wedstriid skoarde Caracciolo de winnende ADO-treffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)