Jong Cambuur lyk tsjin AGOVV

30 mrt 2009 - 22:41

De beloften fan Sportklup Cambuur ha moandeitejûn op it keunstgersfjild fan ONS Snits mei 2-2 lykspile tsjin AGOVV.

Healwei de earste helte skoarde René de Nekker foar Cambuur. Fuortendaliks nei rêst kaam AGOVV lyk. Troch in goal fan Kees Tol waard it net folle letter 2-1, Jeremy Bokila soarge foar de lykmakker. Cambuur krige noch in tal kânsen, mar it bleau 2-2. Takom moandei treffe beide ploegen inoar wer, dan by AGOVV yn Apeldoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)