Jong Cambuur goed op dreef, mar ferliest dochs

07 mrt 2016 - 21:17
  • SC Cambuur

Jong Cambuur wie moandei goed op dreef yn de thúswedstriid tsjin Jong Excelsior, mar moast úteinlik dochs mei 5-3 de holle bûge foar de besikers út Rotterdam. De Ljouwerters hiene benammen yn de earste helte de oerhân. De ploech kaam al gau op foarsprong troch in doelpunt fan Xander Houtkoop. Fuort dêrnei kopte Delvechio Blackson út in frije traap de bal yn.

Excelsior die dêrnei wat werom en brocht troch in goal fan Nigel Hasselbaink de stân op 2-1. Houtkoop makke dêrnei syn twadde goal fan 'e jûn, om de skoare op 3-1 te bringen.

Mar noch foar de rêst fjochtet Excelsior him werom om de stân lyk te lûken troch goals fan Michiel Hemmen en Hasselbaink.

Nei de rêst joech Jong Cambuur de rezjy út hannen en moast de Ljouwerter doelman noch twa kear de bal út it net fiskje. Cedric Badjeck en Hasselbaink brochten de einstân úteinlik op 5-3 foar Excelsior.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)