Jong Cambuur gelyk tsjin ADO

27 okt 2008 - 23:23

Jong Cambuur hat moandei yn Den Haach tsjin Jong ADO 2-2 spile. It drige efkes mis te gean foar de ploech fan Wim de Ron, want nei fjouwer minuten spyljen waard it al 1-0. Nei rom in healoere spyljen makke Cambuur de lykmakker troch in doelpunt fan Arton Musliu.

Trije minuten foar tiid waard it toch noch 2-1 foar Den Haach, mar yn de blessueretiid krige Cambuur in strafskop en Kees Pier Tol wie de man dy't dizze klus foar syn rekken naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)