Jong Cambuur ferliest fan Jong ADO Den Haag

02 nov 2015 - 22:45
  • SC Cambuur

Jong SC Cambuur hat moandei mei 4-0 ferlern by Jong ADO Den Haag. By de Haachske ploech stiene in grut tal spilers út it earste alvetal yn de basis. De thúsploech wie yn de iepeningsfaze dan ek it sterkst. Korte skoarde yn de earste helte twa kear foar Jong ADO. Cambuur kaam wol hieltyd better yn de wedstriid, mar skoarde net.

Ek yn de twadde helte hie Cambuur it oerwicht, mar gjin gelok. ADO skoarde fia Alberg en Kanon lykwols de 3-0 en 4-0 en dêrmei wie de wedstriid dien. Omar el Baad fan Cambuur krige yn de einfaze noch in reade kaart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)