Jong Cambuur ferliest

30 sep 2008 - 06:59

De beloften fan SC Cambuur hawwe moandeitejûn mei 2-0 ferlern fan Jong Volendam.

De wedstryd waard spile op sportpark de Koekoek yn Berltsum. Volendam wie de bettere ploech. Cambuur krige wol in pear kânsen, mar skoarde net. De Ingelsman Darren Ceasar spile mei by Cambuur, omdat hy op dit stuit net in club hat. Hy stie yn't ferline ûnder kontrakt by Chelsea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)