Jong ADO wint fan Jong It Fean

12 apr 2010 - 23:01

Jong Hearrenfean/Emmen hat yn Den Haach mei 2-1 ferlern fan jong ADO. De thúsploech wie net better, mar de kombinaasjeploech út Fryslân en Drinte fergriemde tefolle kânsen. Jarchinio Antonia sette jong ADO yn de 37ste minút op foarsprong. Fiif minuten letter waard it 1-1 troch Pedro Beda.

Charlton Vicento makke yn de 54ste minút it winnende doelpunt. Jong Hearrenfean/Emmen sakket troch it ferlies nei it njoggende plak mei 32 punten út 23 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)