Jolke Oppewal wurdt Nederlânske ambassadeur yn Maly

03 apr 2016 - 10:09
  • Jolke Oppewal

Ald-Koudumer Jolke Oppewal wurdt de nije Nederlânske ambassadeur yn Maly. Maly is ien fan de earmste lannen fan de wrâld. Op dit stuit is der in VN-fredesmissy dêr't ek Nederlânske blauhelmen oan meidogge. It geweld is foaral yn it noarden fan it lân, wylst de haadstêd yn it súdwesten leit. Oppewal ferwachtet dan ek dat it yn Maly foar him en syn frou minder gefaarlik is as wêr't er no wennet en wurket: Boerûndy. Fia Mozambyk en Rûanda waard Oppewal yn 2013 de earste Nederlânske ambassadeur yn Boerûndy.

Sûnt ferline jier binne der grutte ynterne spanningen yn Boerûndy en it is no sa gefaarlik dat de Nederlanners yn Boerûndy oanret is om it lân te ferlitten. Oppewal bliuwt dêr noch oant de simmer, dêrnei begjint er yn Maly.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)