Jol mei net fluitsje foar ONT

11 sep 2008 - 06:55

Dick_Jol mei net fluitsje by de fuotbalwedstriid tusken ONT_De_Pein en de Harkemase_Boys op 23 septimber. Dat seit de KNVB.

ONT hie Dick_Jol as skiedsrjochter frege foar de freonskiplike wedstriid, om it nije keunstgersfjild te iepenjen. De KNVB ferbiedt dat no, omdat Jol minsken fan ´e KNVB bedrige hawwe soe. Oerlis tusken ONT en de KNVB hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)