Johnny Tuinstra nei Berlyn

03 mrt 2009 - 12:16

Johnny Tuinstra sit it kommende wykein wer op syn iisspeedwaymotor. Yn Berlyn binne dan de fiifde en sechsde wedstriid yn de striid om it wrâldkampioenskip. In wike letter bin de lêste twa wedstriden op it keunstiis fan Assen.

De 39-jierrige Tsjummearumer hopet dat er gjin maleur mear hawwe sil, want dat hat hy yn dit seizoen al genôch hân. Mids febrewaris bruts hy yn it Russyske Ufa syn skouderbonke. Mei sân skroeven en in plaatsje kin er wer los.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)