Johnny de Vries ferlit Emmen

21 nov 2011 - 15:46

Johnny de Vries keart werom by Sportklup Hearrenfean. De 21-jierrige middenfjilder en syn klup Emmen gean per direkt útelkoar. De Vries waard troch Hearrenfean ferhierd oan Emmen.

In pear wiken lyn waard De Vries nei in reade kaart dissiplinêr skorst troch Emmen. No ha se it beslút naam de gearwurking hielendal te beëinigjen. De yn Appelskea berne De Vries spile foar Emmen 28 wedstriden en skoarde dêryn ien kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)