Johansen nei Odense BK

16 jun 2008 - 14:03
  • Timmi Johansen

Hearrenfeanspiler Timmi_Johansen giet werom nei syn heitelân Denemarken. Hy spilet takom jier op hierbasis foar Odense_BK. Dy ploech hat ek in opsje om de fleugelferdigener dêrnei te keapjen.

Yn 2006 kaam Johansen nei It Hearrenfean, mar de jeugdynternasjonal waard nea in fêste wearde yn it alvetal. Hy spile yn totaal tsien wedstriden foar SC_Hearrenfean. Mei de beloften waard er ferline jier wol kampioen en wûn er de beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)