Johannes wol gau cd meitsje

17 des 2012 - 16:33
  • Johannes Rypma by Noardewyn

Sjonger Johannes Rypma wol sa ga as mooglik in eigen album útbringe. De Aldegeaster einige freed as twadde yn de talinteshow The Voice of Holland. Hy hat it no drok mei ferskate promoasje-aktiviteiten en optredens.

3,4 miljoen tv-sjoggers seagen Johannes twadde wurden by the Voice. Snein wiene dat der yn de tsjerke fan syn buordoarp Blauhús krekt wat minder. Wol ha se de primeur fan it earste optreden nei it avontoer by The Voice. Johannes wurke mei oan it krystkonsert fan de pleatslike fanfare.

De publyksfavoryt út Aldegea soarge derfoar dat it sms-ferkear freedtejûn yn Fryslân neffens guon providers 400 persint heger lei as gewoanwei. Johannes wie moandeitemiddei te gast by Noardewyn yn de radiostudio fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)