Johannes Meeter skûtsjeskipper

15 des 2008 - 10:34

Johannes Meeter (37) is de wichtichste kandidaat om de nije skipper fan it Lemster skûtsje te wurden. Hy sil dan Ale Zwerver opfolgje. Der is moandeitejûn noch in petear mei it Lemster skûtsjebestjoer en de SKS moat it noch goedkarre.

Johannes is de soan fan Hedzer Meeter, âld-skipper fan Earnewâld. En hy is de pakesizzer fan de âlde Loadewyk Meeter. Yn 'e rin fan de wike wurdt bekend oft Johannes Meeter de nije skipper wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)