Johannes Dijkstra wint yn Bitgum

25 aug 2003 - 00:00

Opslagger Johannes Dijkstra fan Huzum wûn snein mei Herman Sprik en Arie den Breejen de Van Aismapartij yn Bitgum. Yn 'e finale wûnen Dijkstra-en-dy fan Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar. Wassenaar wie net yn foarm en sloech geregeld kwea. Herman Sprik makke de partij út mei in boppeslach op 5-3 en 6-6.

De tredde priis wie foar Klaas Anne Terpstra, Jan Willem van Been en Douwe Groenendijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)