Johannes: Aldegea yn spanning

07 des 2012 - 16:27
  • Tanksij it publyk is Johannes noch yn de race

Johannes Rypma moast it ferline wike yn The Voice net ha fan it sjueryrapport, mar fan syn fans. De sosjale media binne hiel wichtich foar him. Mei in oermacht oan sms-kes kaam hy in ronde fierder. Mar it is de fraach oft hy it noch in kear oprêdt op dy manier. Sosjale Mediasaakkundige Jeroen voor 't Hekke ferwachtet dat de stipe foar Johannes oanhâldt.

Iris Kroes fan Drachten wie ferline jier de winner fan The Voice of Holland. Ek sy wie lang de underdog. Fia twitter hâlde de twa sjongers kontakt mei elkoar. Kroes is posityf oer Johannes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)