Johan Procee 1e yn Teridzert

12 maaie 2008 - 15:50

By de distriktskampioenskippen hurdfytsen yn Teridzert is Fries om utens Johan Procee earste wurden by de elite. De Grinzer waard folge troch Jos Feiken fan Muntendam. Adriënne Snijder fan Kollum waard twadde by de froulju.

Josephine Groenveld fan Nijlân kaam as tredde oer de streek. Winner waard Trieneke Fokkens út Menterwolde (Grinslân). By de junioaren kaam nei 91 kilometer Jasper Bovenhuis út Staphorst as earste oer de einstreek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)