Johan Krul nije bestjoersfoarsitter Plantein en Tellens

06 okt 2015 - 17:22
  • Soarchgroep Tellens nominearre

Johan Krul wurdt mei yngong fan 1 jannewaris de nije bestjoersfoarsitter by soarchgroepen Plantein en Tellens. Dizze twa ynstânsjes sille yn it nije jier ûnder ien dak fierder. Krul is no noch bestjoerder by wenningkorporaasje Acantus yn Grinslân, mar wie dêrfoar gemeentesekretaris yn Súdwest-Fryslân. Plantein en Tellens binne aktyf yn Tytsjerksteradiel, Frjentsjerteradiel, De Fryske Marren, Littenseradiel en Súdwest-Fryslân.

De organisaasje telt goed 30 lokaasjes en 2800 meiwurkers. De nije namme wurdt foar de ein fan it jier bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)