Johan Dalstra 2e yn Hearrenfean

13 maaie 2004 - 00:00

Aloys van Duuren fan Hoogeveen wûn woansdeitejûn it hurdfytskriterium op it Hearrenfean. Van Duuren wûn de einsprint fan in alve man sterke kopgroep. Johan Dalstra fan Bûtenpost waard twadde, Erik Averesch fan Elspeet tredde.

Der diene fansels folle mear Friezen mei; Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard fjirde, Johan Heslinge fan Hegebeintum waard fyfde en Johan Procee fan Grins waard achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)