Johan Abma kening yn Jorwert

07 maaie 2006 - 16:50

De útnoegingspartij foar haadklasse keatsers yn Jorwert waard sneon in oerwinning foar it partoer Johan Abma, Jan Willem van Beem en Teake Triemstra. Yn in spannende finale wûnen se mei 5-5 en 6-2 fan Robert Rinia, André Kuipers en Cornelis Terpstra.

De lytse preemje wie foar Jochum Bouma, Bauke van der Graaf en Chris Wassenaar. Johan Abma waard kening yn Jorwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)