Jofel kultuerdei yn Ljouwert

21 sep 2014 - 16:05
  • Joadske muzyk op de Jofel kultuerdei yn Tresoar

Mei sa'n tweintich aktiviteiten mei Joadske tema's is it snein foar de fyfde kear de Jofel Kultuerdei yn it Ljouwerter histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar. Yn ynformele sfear is eltsenien wolkom om nei muzyk te harkjen, films te sjen of oan workshops mei te dwaan.

De dei is bedoeld foar kultuer. It is eins net it doel om oer polityk te praten, mar de organisaasje is him bewust dat in tema as tanimmend antysemitisme tige aktueel is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)