Jobbegeasters ferwûne by ûngelok

02 aug 2004 - 12:31

In gesin út Jobbegea is sneontemoarn licht ferwûne rekke by in ûngelok. Op de A7 by it Grinzer Scheemda botsten in buske en in auto mei in grutte klap op elkoar troch in mislearre ynhelmanoeuvre. Alle tsien belutsenen rekken ferwûne. Mei elkoar moasten njoggen ambulânses útrukke om de ferwûnen nei it sikehûs te bringen.

De A7 rjochting Dútslân hat troch it ûngelok goed twa oeren ôfsletten west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)