Jobbegeaster rydt tsjin beam en rekket ferwûne

20 des 2014 - 10:34

In 19-jierrige automobilist fan Jobbegea is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Kapellewei yn Hoarnstersweach. De man kaam earst yn de berm telâne en koe net mear op de dyk komme. Hy botste tsjin in beam en rekke yn syn auto beknipe. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle.

De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De auto moast fuortsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)