Jobbegeaster bedrige yn H'fean

13 mrt 2006 - 11:19

In Jobbegeaster(24) is sneontenacht yn in kafee op it Hearrenfean bedrige mei in mes. De plysje hie in goed sinjalemint en koe al gau twa fertochten oanhâlde. It gie om in man(24) en in jonge(15), beide fan it Hearrenfean.

By de man fûn de plysje in mes, by de jonge in buske mei triengas. De man mei it mes joech de bedriging ta. Hy krige in proses-ferbaal foar it besit fan in ferbean wapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)