Jobbegea springt yn de bres foar kwaliteit fan WMO-ferfier

28 apr 2015 - 20:15
  • WMO-ferfier foar minsken mei beheining

It ferfier foar minsken mei in lichaamlike of mentale beheining yn Jobbegea moat better regele wurde. Dat fine doarpsbewenners, dûmny Piet Hulshof en de SP-ôfdieling fan It Hearrenfean. It WMO-ferfier waard foarhinne troch taksybedriuw Koopmans regele, mar sûnt foarich jier fersoarget taksybedriuw Witteveen de ritten.

Yn it doarp binne de lêste tiid klachten binnenkaam oer de service fan de nije ferfierder. Om de gemeente derfan te oertsjûgjen dat der wat barre moat, binne der yn koarte tiid sa'n 1100 hantekeningen sammele.

Tongersdeitemiddei wurde de hantekeningen oanbean oan wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)