Jobbegea: frachtauto's stellen

21 mrt 2008 - 10:19

By wenningynrjochter Blaauw yn Jobbegea binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa frachtauto's stellen. De auto's wienen laden mei bêdeguod lykas as matrassen, dekbêden en kessens.

De frachtauto's waarden letter op 'e dei werom fûn yn Harmelen. It bêdeguod wie der doe út. Ek út it bedriuw sels waard guod en jild stellen. De plysje siket minsken dy't mear witte fan de stellerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)