Jobbegea, De Knipe en waadeilannen noch net by Dokterswacht

08 des 2015 - 18:00

De húsdokters yn Jobbegea en De Knipe en dy op de waadeilannen binne de lêsten yn Fryslân dy't noch net oansletten binne by de Dokterswacht. De húsdokters yn Menameradiel en de lytse Súdwesthoeke komme op 4 jannewaris by de Dokterswacht.

It giet dan om de húsdokters yn Bitgummole, Berltsum, Dronryp, Marsum, Bakhuzen, Koudum, Warns en Warkum. De Dokterswacht is yn 2002 fan start gien mei de húsdokters yn Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)