Joadske tinkstiennen Ljouwert

13 apr 2012 - 15:33

Yn de Transvaalstrjitte yn Ljouwert binne freedtemiddei twa tinkstiennen dellein foar in joadsk echtpear dat yn de oarloch om it libben brocht is yn Dútske konsintraasjekampen. De plakkettes binne in inisjatyf fan harren soan, de 82-jierrige Alphons Katan. Hy hat ferline wike ek al in boek presintearre oer wat him en syn âlden yn de oarloch oerkaam is.

Katan bedarre sels yn it kamp Westerbork, mar in muoike dy't yn it ferset siet, krige him frij. Sa oerlibbe er de oarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)