Joadske skoalle moandei ticht

16 aug 2013 - 12:54
  • (foto-ympresje)

De âlde Joadske skoalle yn Ljouwert bliuwt kommende moandei ticht. Yn it gebou binne asbestfezels fûn. It gebou wurdt brûkt troch groep 7 en 8 fan basisskoalle Oldenije. Dy bern út de boppebou ha oankommende moandei frij.

Earder wie der asbest út it plafond fan de lokaasje ferwidere. No docht dus bliken dat der noch resten op 'e flier lizze. Op dit stuit wurde nije mjittings dien om te sjen hoe't it der krekt foarstiet. Nei alle gedachten kinne de skoalbern tiisdei wer nei skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)