Joadsk monumint yn Ychten

01 apr 2009 - 08:19

Ychten krijt in monumint as oantinken oan alle húshâldings dy´t yn de oarloch in joadsk bern ûnderdak jûn ha. It monumint komt der op inisjatyf fan de 76-jierrige Loek_Groenteman út Amsterdam. Dy wenne fan 1943 oant de ein fan de oarloch by de famylje Visser yn Ychten.

It monumint is ûntworpen troch de yntusken ferstoarne keunstner Noami Elburg. It bestiet út in byld fan in frou mei in bern en hat de namme ´Het kind is er nog´.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)