Joadebetinking yn Drachten

19 apr 2012 - 16:06

Yn it Van Haersmapark yn Drachten binne tongersdeitemiddei de fjirtjin joadske ynwenners fan Smellingerlân betocht dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn kampen om it libben brocht binne.

Nei in taspraak fan waarnimmend boargemaster Polderman waarden der krânsen dellein by it Joadske monumint. In groep skoalbern lies dêrnei de nammen fan de fjirtjin omkommen joaden út Smellingerlân foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)