Jo eigen keramyk yn it museum

14 aug 2003 - 00:00

Ljouwerters wurdt frege har moaiste en meast bysûndere keramyk út te stallen yn de nije eksposysjeseal fan museum It Prinsessehôf yn harren wenplak. It museum wurdt op it stuit ferboud en útwreide. Neist de eksposysjeseal krijt it museum der ek in bybleteek en in edukative romte by.

It keramyk sil dizze hjerst útstald wurde yn de nije eksposysjeseal. Begjin takom jier is de earste offisjele útstalling: "Lekker decadent".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)