'JNS-Pyrotechnyk gefaarlik'

23 jan 2002 - 00:00

Fjoerwurkfabryk JNS Pyrotechnyk yn Ljouwert is in gefaar foar de omjouwing. Dat seit de direkteur fan it bedriuw. Fral it nagelnije 'Centrum Vakoplieding' en it Fryslânplein by it FEC lizze neffens direkteur Hofmeester yn 'e gefaresône.

De direkteur soe graach ferhúzje wolle, mar alle plannen om te ferhúzjen binne oant no ta mislearre. As der gjin oplossing komt driget op termyn sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)