JNS Pyrotechniek hâldt op

22 apr 2004 - 00:00

It Ljouwerter fjoerwurkfabryk JNS Pyrotechniek moat ticht. De provinsje lûkt de fergunning yn op grûn fan strangere fjoerwurkregels fan it Ryk. JNS makket swier fjoerwurk foar de lânmacht en de marine. It bedriuw hat oardel jier socht nei in oare lokaasje, mar dat is net slagge.

It oare Ljouwerter fjoerwurkfabryk, Schuurmans, bliuwt wol iepen. It fabryk foar konsumintefjoerwurk foldocht oan alle nije feiligenseasken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)