JK Rowling nimt webside oer

04 jul 2004 - 12:38

De Drachtster Johan Hamstra hat it webadres www.jkrowling.nl oerdroegen oan de Ingelske skriuwster J.K. Rowling. De skriuwster fan de populêre Harry Potterboeken woe it webadres hawwe omt se in Nederlânske site begjinne wol. Hamstra hat in ôfkeapsom krige, mar wol net sizze hoefolle. Hy gie earst akkoart mei in searje sinjearde boeken. De skriuwster liet lykwols witte sunich op har hantekening te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)