Jitze Grondsma ferstoarn

29 maaie 2007 - 13:41
  • Jitze Grondsma (foto Martin de Jong)

Skûtsjeskipper Jitze Grondsma is moandeitenacht samar ynienen ferstoarn. Grondsma wie al in skoft slim siik, mar dochs komt syn dea ûnferwachte. Grondsma wie sûnt 2001 skipper fan de Heale Moanne, it skûtsje fan Drachten.

Grondsma wie foar it kommende skûtsjeseizoen de nije skipper fan it skûtsje fan De Jouwer wurden. Foardat er oerstapte nei de SKS wie hy jierrenlang skipper by de IFKS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)