Jitse Kramer opnij Sterkste Man fan Nederlân

20 jul 2015 - 12:02
  • Jitse Kramer Sterkste Man fan Nederlân 2015

Jitse Kramer út Ljouwert is op 'e nij de sterkste man fan Nederlân wurden. Hy wûn snein de finale yn Borculo (Oerisel). It is de twadde kear dat Kramer de titel pakt. Hy waard kampioen troch it lêste ûnderdiel, Stones of Strength, te winnen.

RTL 7 hat opnamen makke fan de wedstriid. Dy wurde yn septimber útstjoerd op telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)