"Jitse Akse is in held" wurdt skreaun op de Facebookpagina

16 jan 2016 - 10:19
  • Jitse Akse

De Ljouwerter âld-militêr Jitse Akse krijt op de sosjale media in soad stipe. Akse waard earder dizze wike oanholden omdat er yn Syrië IS-striders ombrocht hawwe soe. De Facebookside 'Justice (gerjochtichheid) for Jitse' hat oant no ta al goed 4000 likes krigen. Yn de reaksjes wurdt Akse in held neamd. Akse waard woansdei oppakt en is freed foarlaat oan de ûndersyksrjochter. Dy hat syn foararrest skrast ûnder betingst dat Akse syn paspoart ynleveret. Dat is om foar te kommen dat Akse wer nei Syrië giet om te fjochtsjen tsjin IS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)