Jistrumer mishannelet froulju

29 okt 2014 - 10:28

De plysje hat moandei in 50-jierrige man út Jistrum oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht dat hy de ôfrûne jierren ferskate froulju geregeld mishannele, fernedere en bedrige hat. Fjouwer froulju hawwe oanjefte dien.

De plysje slút net út dat de man mear slachtoffers makke hat. Dy kinne harren melde by de plysje. De fertochte wurdt op lêst fan de offisier fan justysje foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)