Jistrumer boatracers oanpakke

28 aug 2009 - 14:31
  • It wetter oerspielt de minsken op de wâl (út it filmke fan de racers)

Fiif Jistrumer boatracers binne net benaud foar de plysje. Fan 't simmer makken se in filmke út har speedboat op it Prinses Margrietkanaal. Te sjen is dat se hurd by de kade delfarre en sa minsken dy't dêr fan de sinne genietsje wietspuitsje.

De plysje wol dit gedrach krekt net sjen op de Fryske marren. Se witte wa't der achter sitte en sille de mannen in besite bringe. Neffens de Jistrumers ha se neat ferkeard dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)