Jiskewolk: mear busferfier

17 apr 2010 - 11:12

De jiskewolk fan 'e fulkaan op Yslân soarget foar ekstra drokte by Fryske touringcarbedriuwen. De fulkaan bruts ôfrûne tongersdei út. Sûnt dy tiid hinget der in wolk mei fulkaanjiske boppe West-Europa dy't gefaarlik is om trochhinne te fleanen.

Yn hiel Europa bliuwe fleantugen oan 'e grûn stean. Dat betsjut folle mear wurk foar busferfierders. Dy wurde platbelle troch reisorganisaasjes om reizgers dy't fêstsitte op Skiphol op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)