Jiskewolk: dan mar nei Amelân

18 maaie 2010 - 12:38

Bern fan basisskoalle De Bron yn Dokkum binne twa kear dupearre troch de jiskewolk út Yslân. Yn april gie in reis nei Finlân net troch en moandei koe der opnij net flein wurde fanwege de fulkaan. De skoalle hat noch besocht in oare flecht te boeken, mar dat wie om 'e nocht.

De bern fan groep 8 hawwe twa jier dwaande west mei de tarieding foar in útwikseling mei in Finske skoalle. Ynstee fan Finlân sille se no in pear dagen op kamp nei It Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)