Jiskenhuzen wol mear huzen

20 feb 2003 - 00:00

Pleatslik Belang Jiskenhuzen is lilk op 'e gemeente Skarsterlân. It skeel giet om de bou fan in tal huzen. Wethâlder Hemmes hie sein dat der grûn kocht wie foar tritich wenten. Mar op it stik greide kinne mar sân stean. It doarp telt 460 ynwenners. Benammen jongelju sitte ferlegen om wenromte.

De wethâlder hat al syn ekskuzes oanbean foar de loaze tasizzing. Doarpbewenners en de gemeente prate tongersdei wer oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)