JIP by Piter Jelles Junior

26 okt 2009 - 17:09

In spesjaal jongereinynformaasjepunt JIP moat it foar Fryske jongerein makliker meitsje om help te sykjen by problemen. Ynformaasjepunt JIP sit by Piter Jelles Junior yn Ljouwert. Dêr kinne de jongeren telâne by jonge studinten en stazjêres. Omdat dy sels ek jong binne, moat it makliker wurde om oer bygelyks seks-, alkohol- of drugsproblemen te praten.

Yn Midden-Nederlân bestean de JIP's al langer. De JIP fan Piter Jelles Junior is de earste yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)