Jillert bliid, Gerard soer

19 feb 2014 - 10:59
  • Jillert Anema en Jorrit Bergsma
  • Gerard Kemkers

Reedrydcoach Jillert Anema is in dei nei de Olympyske 10 kilometer noch altyd sa bliid as in protter mei it goud fan Jorrit Bergsma. 'Dit geweldige gefoel giet mar net fuort. Neffens de fysioterapeut ha ik fannacht sels lake yn myn sliep', fertelde Anema woansdei nei de training. 'Dit hoechst mar ien kear mei te meitsjen, dan bist dagenlang 'high'.

Gerard Kemkers, de coach fan Sven Kramer, hâlde in ôfgryslik soer gefoel oer oan de 10 kilometer. 'Wij kunnen met goed fatsoen niet meer blij zijn met zilver of brons', sa liet er witte.

Jorrit Bergsma hat gjin meilibjen mei Sven Kramer. In soad minsken ha dat wol om't er ferlern hat. Dat fyn Bergsma spitich, want hy hat it goud wûn en is der hiel bliid mei. Hy begrypt it ek wol wer, om't Sven jierrenlang de grutte man wie.

It súkses fan Jorrit Bergsma is ek wol in bytsje it súkses fan syn coach Jillert Anema. Hy is is in dei nei de 10 kilometer noch hieltyd út 'e skroeven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)